#5 Adrie Weiland, Minnertsga

Na de nummer 6 stelt nu de laatste uit onze top 10 zich aan u voor. Last but not least, Adrie Weiland uit Minnertsga:

 

Myn namme is Adrie Weiland, hikke en tein yn ús doarp tusken waad en wiid. Tegearre mei Geert hawwe wy seis bern, dy’t it hûs al út binne en mei harren partner allegear yn Minnertsgea wenje. Ek binne wy grutske pake en beppe fan seis bernsbern, trije jonges en trije famkes, wat in rykdom! Yn myn deistich libben wurkje ik yn de soarch, yn MCL Hârns, wer’t ik lieding jaan mei oan meiwurkers fan ferskate polykliniken. Fierder bin ik in doarpsminsk. Foarsitter west fan keatsferiening Minnertsgea en der ek no noch tige by belutsen. Ik sit yn ferskate kommisjes, sa as de haadklasse-en sponsorkommisje, mar ek in bartsjinst op it fjild as yn MFA ‘de doarpsfinne’, draai ik myn hân net foar om. Dêrnjonken hast al wer acht jier in sit yn it bestjoer fan Pleatselik Belang. Mei in belutsen ploech minsken dwaande mei de belangen fan en foar de ynwenners fan Minnertsgea. Fia it OO, it ‘Overkoepelend Orgaan’ fan alle Pleatselike Belangen fan gemeente it Bildt, yn oanrekking kommen mei de gemeentepolityk.

No de oerstap makke nei Gemeentebelangen Waadhoeke, om aanst yn grutter ferbân de belangen fan alle bewenners te fertsjintwurdigjen. In lokale ûnôfhinklike partij, dy’t gjin bining hat mei de lanlike polityk en dy’t út giet fan eigen krêft fan ynwenners fan ús nije gemeente. Myn passy is om mei in lústerjend ear tusken en neist de minsken te stean, nei inoar te lústerjen en inoar te ferstean. Us mei-inoar sterk te meitsjen om de lokale foarsjenningen, en dermei de leefberheid, foar jong en âld yn de doarpen te behâlden.

Mei keats- en akademystêd Frjentsjer en alle 40 doarpen en buorskippen wol Gemeentebelangen jo stim graach hearre op 22 novimber. Mei-inoar nei ien yn de moaiste gemeente fan Fryslân!