#3 Kees Arendz

09e41a6e-3603-49d7-9c18-486edbffa4b7
09e41a6e-3603-49d7-9c18-486edbffa4b7

In een reeks van video’s stellen onze kandidaten zich voor. In dit bericht is dat de nummer drie op de kandidatenlijst, Kees Arendz.



Myn namme is Kees Arendz en ik wenje yn Dronryp. Ik bin riedslid foar Gemeentebelangen yn Waadhoeke en wurkje by de plysje.

Feilichheid yn it ferkeer fyn ik belangryk. Foaral it fytsferkeer moat feilich oer de dyk kinne. Us partij hat him de ôfrûne tiid sterk makke foar tal fan ferbettterings. Sa as bygelyks de oanlis fan it fytspaad hjir lâns it kanaal fan Dronryp rjochting Deinum. Ek it trochlûken fan it fytspad tusken Dronryp en Winsum giet troch. In boppeslach!

Noch yn foarbyld werby Gemeentebelangen it ferskil makke hat. By Klooster-Lidlum komme op de drokke dyk tusken Dongjum en Oosterbierum no, dankzij Gemeentebelangen, útwykstroken. Goed foar auto’s dy’t elkoar op dizze smelle dyk temjitte komme. Mar foaral fytsers sa as ús skoalbern en toeristen wurde straks net mear fan de sokken ryden.

Yn Frjentsjer spilet ek in gefaarlyke situaasje. By de brêge oer it kanaal rjochting it treinstation. Der bringt it drokke frachtferkeer de fytsers yn gevaar. Wy wolle net mear dat alle frachtauto’s troch de binnenstad gean. Frjentsjer hat toch in knappe rûnwei om de stêd? En sa kin ik noch wol mear knelpunten opneame dy’t wy graach oanpakke wolle.