In een reeks van video’s stellen onze kandidaten zich voor. In dit bericht is dat de nummer vier op de kandidatenlijst, Adrie Weiland.
Myn namme is Adrie Weiland, ik wenje yn Minnertsgea en wurkje as praktykmanager by in tal húsdokters yn Waadhoeke.
Kandidaat by Gemeentebelangen omdat ik fan miening bin dat wy tichtby, yn eigen doarp of wyk, nôch genôch ferbetterje kinne mei en foar ús ynwenners. Elts hat ommers syn/har eigen talinten meikrigen. Dêrom is it ek och sa wichtich dat ús bêrn passend en kwlitatyf goed ûnderwiis krije yn in gebou dat foldocht oan alle easken fan dizze tiid! Derneist wolle wy graach dat ûnderwiis, bedriuwslibben en gemeente de hannen yn elkoar slaan en nóch mear de gearwurking sykje, sadat er bygelyks foldwaande staazjeplakken binnen yn ús gemeente.
Us jeugd hat de takomst, sy moatte de romte hawwe! Romte om harsels te ûntwikkeljen op skoalle, mar ek dêr bûten. Sy moat in plak hawwe wer’t se harsels wêze kinne en noflik ‘chille’ kin mei inoar. Us doarp en wykbelangen spylje der yn in belangrike skeakel om aktiviteiten foar de jeugd yn kaart te bringen en har, al yn’t foar, te belûken by de te meitsjen plannen. Ek ús jongeradvysried en de berneboargemaster bin der by fan grutte wearde.
Fierder is it wichtich dat al ús ynwenners, mar bynammen ús jeugd, har úterje kin yn syn of har eigen taal. It Nederlânsk, Frysk, it Bildts of Franekers, moat foar elts hiel gewoan wêze om te brûken!