We beginnen het nieuwe jaar met het heugelijke nieuws dat raadslid Haaye Hoekstra zich bij ons heeft aangesloten.
Een aantal van ons kent Hoekstra als vanuit de raad van Menameradiel en daar waren de contacten altijd goed, en in Waadhoeke is dat niet anders. We heten hem dan ook van harte welkom in onze fractie.
Onderstaand verhaal komt van Omrop Fryslân. Daar vind je tevens de Nederlandse variant van het nieuwsitem alsook een audiofragment van een interview met Hoekstra, onderaan de pagina.
.
Riedslid Haaye Hoekstra fan Waadhoeke slút him oan by Gemeentebelangen. Hoekstra stapte yn desimber nei seis jier út de FNP-fraksje, om’t der in te grut ferskil fan ynsjoch wie tusken him en de oare fraksjeleden fan de FNP. Hy hat de ôfrûne wiken brûkt om te sjen wat hy woe: ophâlde, allinne trochgean of oanslute by in oare partij. Dat lêste is it wurden.
Der wiene meardere redenen foar Hoekstra om him oan te sluten by Gemeentebelangen. “As earste de goede kontakten dy’t ik al seis jier haw mei in tal leden fan Gemeentebelangen. Yn de ried fan Menameradiel haw ik altyd goed gearwurke. Der wie goed kontakt, dat is net oars yn Waadhoeke. En as twadde komt it programma fan Gemeentebelangen foar in hiel grut part oerien, ik tink sa’n 80-90 persint. Dat wie yn Menameradiel ek al sa,” leit hy út.
“En Gemeentebelangen likegoed as FNP binne lid fan de Onafhankelijke Senaatsfractie yn de Earste Keamer. En út Waadhoeke sit Herre Hof yn de skaadfraksje en fan de provinsjale FNP út Wopke Veenstra. Dus eins bin ik in bytsje by de selde bloedgroep bleaun, alinne by in oare partij.”
Neffens Hoekstra hat hy der ek oer neitocht om hielendal op te hâlden yn de polityk. “Dat haw ik wol oerweage, ik haw der de ôfrûne wiken goed oer neitocht. Ik woe wol riedslid bliuwe en wat dwaan foar de ynwenners fan Waadhoeke. Allinne trochgean is in hiele toer, want der binne swiere dossiers en dat rêd je allinne net. Of je moatte hieltyd in kar meitsje. En mei it each op de kontakten en de oerienkomsten mei Gemeentebelangen hat dat resultearre yn it feit dat wy ôfrûne tongersdei in lêste petear hân hawwe. Dêr wie in goeie klik en it like goed. Doe is definityf it beslút makke.”
Der is noch net bekend wat hy krekt dwaan sil de kommende twa jier. “De portefúljes moatte wy noch op ‘e nij yndiele, want dy komme der by. Ik wol ek net ien foar de fuotten rinne. Mar ik bin goed thús yn romtlike oardering, wentebou en grien & mileu.”
Hoekstra fertelt wol dat der in soad stipe is. “Ik haw in soad waarme reaksjes hân út de ried wei, dat hat my goed stipe yn myn kar. Der hat net ien negatyf lûd west, dat hat my goed dien en dêr wol ik ek myn tank foar útsprekke. Ik hoopje dat ik de kommende twa jier noch in soad betsjutte kin foar de gemeente.”